Het verslag vindt u HIER
U kunt een DVD en/of VHS videoband à € 10,00 van het openluchtspel 'Dagen fan striid' bestellen bij:
Lykele Libbenga, Van Aylvalaan 5, telefoon 0513 631020.
Email:
Op dizze idyllyske lokaasje, besiden de Aaltsjeleane, geane wy werom nei it rampjier 1672. "Het land was reddeloos, de regering redeloos en het volk radeloos."
De jonge Republiek der Verenigde Nederlanden waard yn dat jier fan trije kanten oanfallen: fan de Noardsee ôf troch de Ingelsen, fan it suden út troch de Frânsen en fanút it easten wei kaam it gefaar fan de Dútsers, ûnder oaren fan de biskop fan Münster (Bommen Bearend).
Hy besocht mei syn leger ûnder oaren Grins en Ljouwert yn te nimmen. Dat lêste slagge net. Syn leger, sa wol it ferhaal, waard opkeard troch Fryske soldaten ûnder lieding fan generaal Van Aylva, mei help fan de boeren fan Ketlik en Mildaam en twongen ta de ôftocht.
Goitzen Burgy fan Hoarnstersweach hat mear as santich jier lyn dizze skiednis brûkt foar syn roman 'Herman de Streuper'.
Dit boek ha Evert de Jong en Yme de Jong brûkt as basis foar it iepenloftspul 'Dagen fan striid'.
It iepenloftspul wurd opfierd op freedtejoun 25 juni om 21.30 en op snein 27 juny, middeis om 14.30 en jouns om 21.30 ure.
Wizigings i.f.m. de oflasting fan woansdei 23 en tongersdei 24 juni, troch it minne waar.
Kaarten foar woansdei 23 juni binne jildich foar sneintejoun 27 juny om 21.30 ure.
Kaarten foar tongersdei 24 juni binne jildich foar sneinmiddei 27 juny om 14.30 ure.
It stik bestiet út sân sênes en spilet him ôf op it hiem fan boer Sjoerd Ales.
- Yn sêne 1 meitsje wy kennis mei de boer, syn frou, syn dochter Eke en mei de frijfochten jager en streuper Herman, dy’t mei syn beppe op’e heide wennet en it op Eke fersjoen hat en mei Drift, de hûn, dy’t him altyd beselskippet.
- Yn sêne 2 wurdt dúdlik dat Eke ek wol wat yn Herman sjocht, as hja jûns tegearre op frijersfuotten geane en in frjemde ûntdekking dogge.
- Herman makket yn sêne 3 dúdlik dat it gefaar fan de Dútsers grutter is as mannichien yn’e gaten hat.
- Herman slagget yn sêne 4 der yn om it folk fan Ketlik en Mildaam te mobilisearen. In ûndogens mantsje út de Stellingwerven spilet dêrby in frjemde rol.
- Yn sêne 5 begjint de spanning grutter te wurden, as de Dútsers der oan komme en it boerefolk him ree makket foar de striid. It froufolk, sa wurdt aaklik dúdlik, moat nei in feilich plak ta.
- Dan is it skoft. It publyk giet om in bakje kofje nei de tinte en wurdt op wrede wize by it spul fan it twadde bedriuw belutsen.
- At de krûtdampen oplutsen binne, blykt de fijân ferslein te wêzen. En dus kin yn sêne 6 it liet op’e oerwinning songen wurde.
- Yn sêne 7 wurdt Herman wiidweidich romme foar syn oanfierdersrol. Sels de grytman, de generaal en in baron stekke de loftrompet. Mar dan ferskynt beppe en komt der dúdlikheid yn it Grutte Geheim.
Mar it lêste wurd is oan Drift...............
'Dagen fan Striid', iepenloftspul yn twa bedriuwen
Skreaun en regisseard troch Evert de Jong en Yme de JongBaseard op it boek 'Yn dagen fan striid' fan G. Burgy
Muzyk: Appie Scheper
Koarlieding: Joke van Alteren
Rolbesetting:
Herman | jonge fan'e heide | Jaap Tjeerd Heida |
Sjoerd Ales | boer | René Visser |
Makke | syn wiif | Anneke Burgy |
Eke | harren dochter | Tineke Groenland |
De Blocq fan Scheltinga | grytman Sjoerd | Jongsma |
Stellingwerver | ferrieder | Harm Wierda |
Van Aylva | generaal | Tiede Jacobi |
Baron Van Reede | Riekele Heida | |
Beppe fan Herman | Minke Bouwstra-De Vries | |
Boere-arbeider | Germ Hosper | |
Froukje | Hiltsje Oenema-van den Berg | |
Boerefolk | ||
Dútse soldaten |