Frijheid joue jo troch
Frijheid is kostber, kwetsber en net fansels.Dit besef is der faaks pas as de frijheid der net mear is.
Sa as yn de twadde wrâldoarloch, wer miljoenen minsken ferfolge wurden, deasketten of fergast wurden omdat jo joad, homo as oarstinkend wiene of omdat jo ûnderdûkers holpen.
Hjoed betinke wy hjirre alle minsken dy stoarn binne yn de striid foar us frijheid.
Foar elts befjochten meter yn West-Europa is in minskelibben ferlern gien, foar jo en myn libben yn frijheid.
No, dit jier 2015, libje wy 70 jier yn frijheid.
Tagelyk liket de wrâld yn brân te stean; binne der wer oarlochen en geweld is oan de oarder fan de dei. Sjoch de ellinde yn Syrie enJemen, grouwlike bylden fan oarlochen. Mar ek dêr binne minsken dy harren ynsette foar frede en frijheid foar eltsenien, krekt as dat hjir doedestiids minsken yn it ferset sieten en de befrijers.
Wy binne harren ivich tankber.
Ik bin berne ynKetlik.
Myn heit en mem kaamen hjir nei de oarloch op de pleats fan Douwe Trinks.
Faak boarte ik yn it Skar en Skarbosk, hutten boue en letter faaks te hurdrinnen..
Altied wer makke it boerd mei de tekst “In 1944 werden door de geallieerden in het weiland hierachter 4x wapens gedropt” yn it Skar yndruk.
Wy betochten dan hoe dat gongen wie en dat wy dizze minsken wurdearje moasten, foar wat sy far ús dien hiene.
Harren eigen libben en húshâldings weagje foar de frijheid.
Jelle Boersma (de heit fan Frits) boer oan de râne fan it Skar is dêr foaroppakt en deasketten.
De famylje Boersma is yn ús fermidden.
Troch de persoanlike ferhalen oer de ynset en de striid yn de oarloch libbet it grutte besef fan de wearde fan frijheid yn ús troch.
It fjoer fan de frijheid kaam op de befrijingsdei 5 maaie 1945 en wy hâlde de betinking en dat fjoer libbend, elts jier op ‘e nij.
Us pakes, beppes, heiten en memmen binnen der straks net mear om us de ferhalen oer de ferskrikkingen fan ûnderdrukking en besetting te fertellen.
De oarloch is foar us ferline tiid, mar oan us de taak om it fjoer fan de frijheid troch te jaan oan de jongere generaasjes.
Frede en frijheid moatte wy eltse dei “befjochtsje”.
Wy betinke hjoed de deaden.
Deasketten, fergast, fermoarde troch bline haat.
Ik bin in bern fan nei de oarloch, ik stean stil foar frijheid, frede en freonskip.
Dankewol
Lutz Jacobi