info

18-12-2021

It iepenlofspul spilet... Blau Bloed!

Dossier: De twa doarpen

Iepenloftspul Ketlik Mildaam spilet op 30 juny, 1 en 2 july 2022 it stik BLAU BLOED!

Om fêst in tipke fan'e sluier op te ljuchtsjen..

It ferhaal giet oer:
De baron fan Eisema hat jildpine en ferhiert syn boufalliche lânhûs mei personiel oan sakeman Wisse Regnerius foar in wiekein. De sakeman wol hjir 10.000 euro foar betelje. Hy jout in kostumearre feest foar syn sakerelaasjes en gruthannels. De baron hat gjin betrouen yn syn butler en om te sjen as hy betrouber is lit hy de brief dan ek op de tafel lizze. De butler sjocht syn kâns en docht de brief yn ‘e bûse. Hy tinkt die 10.000 euro sa maklik te ferstjinjen. Hy wurd al hurd ûntmaskere. Der komt in soad frjemd folk op it feest ôf. Fleurigens alom. In klucht yn twa bedriuwen die je net misse wolle.
 Reageer >>