Marcel Ponne fan Nijhoarne is syn hiele libben al gek op frachtweinen en sûnt syn 18e dan ek op de dyk te finen. Hy ferfiert strie en hea en elkenien op de rûte is wiis mei Marcel. Marcel is in hurde wurker en hat altyd in goed sin. Sa'n 10 wike lyn hat Marcel in ûngemak hân en rekke syn frachtwein folslein total loss. Dat wie grutte skrik, maar yntusken hat Marcel in nije Scania V8 en is wer hielendal op it skik.