De Twa Doarpen.
Wy binne drok dwaande mei de repetysjes en ha al in soad wille. It stik hjit:
MOARD OAN DE MAR.
It stik spilet yn ‘e wenning fan de Claytons, heech op ‘e rotsen fan in mar op ‘e grins fan Amerika en Canada.
Hjir barre frjemde dingen die foaral suster Pepper nochal dwaande hâlde.
Suster wol beslist witte hoe dat lyk yn de mar komt en wa dat is en wa it dien hat.
Nijskjirrich stik, der bart nochal wat.
W kinne der net in soad oer fertelle want dan komme jim net mear, dus hjir moatte jim it mei dwaan.
Laitsje en spanning en dat allegearre op ien jûn……
Wy spylje op 6, 13 en 14 maart, 17 en 18 april en de kaarten (10 euro it stik) binne te bestellen by Minke Bouwstra
Foarferkeap fanôf 14 februwaris op til. 632878. (tusken 17.00 en 19.00 oere)
[update 24-03-2020] De laatste twee uitvoeringen zijn tot nader order uitgsteld
Wer spylje wy? In nije lokaasje:
Bij Marcel Ponne – Tjongervallei 1-A – Ketlik.
Komme dus!!
Dan noch wat oars.
Yn 2021, juni, sille wy in iepenloftspul spylje.
Wy ha in oantal minsken fûn die hjir yn meihelpe wolle en der binne wy tige wiis mei.
Wy ha tsjin dy tiid noch wol mear minsken nedich, mar dan trekke wy wol wer oan de bel.
Mildam op de Kulturele Kaart!
It stik is hast klear en yn jannewaris 2021 begjinne de repetysjes.
As der noch minsken binne dy ek mei dwaan wolle, jimme kinne jim opjaan op nummer 06-12289672.
Groetnis fan Tonielferiening De Twa Doarpen
[update 13-03-2020]
I.v.m. "het corona virus" zijn de uitvoeringen verplaatst van 13/14 maart naar 17/18 april (meer informatie >>)