info

4-5-2018

Waardige 4 mei herdenking

Dossier: 4/5 mei

                                                                   Har ferset, har dea, us freiheid.

De plaatselijk belangen van Mildam en Katlijk hebben ook dit jaar weer de jaarlijkse dodenherdenking georganiseerd op het plein voor de Thomastsjerke in Katlijk.

Bij de start van de bijeenkomst rond 19.45 uur sprak Harm Wierda, voorzitter van plaatselijk belang Katlijk waarna Famke Anne, Dafne en Teke de sfeer van de bijeenkomst muzikaal ten gehore brachten. Na het leggen van de bloemen door nabestaanden van de drie mannen die op het Katlijkere monument geëerd worden volgde een toespraak van Nina Peckelsen (hieronder haar verhaal). De bijeenkomst werd afgesloten met het leggen van bloemen bij het graf bij de Thomas kerk van twee van de drie mannen.


Nina haar verhaal  (waarschijnlijk niet helemaal zonder spellingfouten in het Fries, zoals ze zelf zegt)

Geboaren yn 1990 haw ik fanselssprekkend noait in oarloch meimakke. Ik bin in bern fan in frij Europa fan krekt nei de fal fan de Muorre. Ik wie sels de reden dat myn âlders yn 1989 net nei Berlyn koenen om dizze historyske gebeurtenis fan tichtby mei te meitsjen, omdat myn mem heechswanger fan my wie. Der lyke doe in tiid oan te brekken fan frede, de Kâlde Oarloch wie foarby en East en West kamen tichter by mekoar.

 Mar fia freonen en famylje kaam ik dochs noch faak yn oanrakking mei oarloch. Myn heit is bygelyks Dútsk, en syn heitelân beskôgje ik ek as myn twadde thús. In heitelân mei in enoarm beladen skiednis – in skiednis dy’t myn heit syn libben lang al besyket om te begrypen. Yn myn Dútse famylje wurde der net folle oer praat, mar as it tema op tafel kaam, dan wie it frij iepen. Sa haw ik heard fan myn oma, dy’t troch in kapotsjutten Dútslân fluchtsje moest nei it súden as famke fan krekt tolve, of fan myn opa dy’t ferplichte wurde om Ingelske fleantúgen nei beneden te sjutten. Fleantúgen dy’t fol bommen sieten om burgerdoelen yn Dútske steden te bombardearen – de bommen wêr’t myn oma júst foar fluchtsje moest. It wienen ek dy Ingelske fleantúgen dy’t myn Fryske pake en beppe júst mei bliide gesichten oerfleanen hearden nachts. De fleantúgen dy’t de besetter wol oanpakke soenen, en dwinge ta oerjefte.

Leard fan dit soart ferhalen haw ik dat de skiednis en foaral ek oarloch noait sa swart/wyt is as we soms hearre yn de media. Der is net ien hûnderd prosint foute kant en ien hûnderd prosint goeie kant – it giet hjir ommers om minsken.  Myn heit hat my leard dat it ienige dat haat en ûnbegrip tsjingean kin tusken twa kampen of twa lannen, gearwurking en ferbûnheid is. Werom soest op ien sjutte dyst kinst? Werfanst witst dat hy of sy itselde is?

Self wurkje ik no ek twa en een heal jier by in internasjonale organisaasje, dy’t jonge minsken út minderheden út hiel Europa by mekoar bringt. Friezen út Nederlân, Dútsers út Ruslân, Kasjoeben út Polen en Vlach út Albanië – allegear wurkje we oan it bouwen fan brêgen en it tsjingean fan foaroardielen en diskriminaasje. Hoe belangryk dizze útwikseling is, merkst as sjochst dat minsken út lannen dy’t noch altyd oarlochstaal nei mekoar skreeuwe, hjir prima mei mekoar opsjutte kinne. Minsken út Oekraïne sitte neist minsken út Ruslân (twa lannen dy’t praktysk noch altyd yn oarloch binne mei inoar), Serven dûnsje mei Kroaten (twa lannen dy’t net iens 25 jier lyn noch mekoars befolking útmoardden), East drinkt in bierke mei West. Foaroardielen ferdwyne by boskjes.

Dat ik sels ek noch fol sit mei sokke foaroardielen, murk ik bygelyks hiel sterk doe’t ik in wike nei Moskou moest. In bytsje senuweftich gong ik op reis, mei alle negatyve nijsartikels oer dit enorme lân yn myn holle. Mar selden haw ik sokke freonlike minsken troffen as dêr. Doe’t ik mei myn swiere koffer de trappen ôf moest nei de metro, wurde dy opiens út myn hannen grepen troch in âldere Russyske man. Wylst ik him mei grutte eachen oanseach, makke hy my mei in pear gebaren dúdlik dat ik as jongedame gjin swiere dingen hearde te slepen. Hy tilde myn koffer nei beneden, makke in lyts buiginkje en rûn fierder. Dit metrostasjon hie allinich in stik as fjouwer grutte trappen, en by elke trap wachte hy my op om myn koffer wer fierder te tillen. Ferbouwereerd liet ik dat allegear mar ta.

In reisgenoate krige fan in jong stel in bultsje roebels yn de hannen drukt, doe’t blykte dat har pinpas it hjir net die, en se dus gjin kaartsje foar de trein keapje koe.

Dit soart lytse dinkjes meitsje dat ik elke kear myn byld fan groepen minsken of soms hiele lannen bystelle moat. Ik sjoch dan dat, ondanks wat we soms allegear yn de media hearre oer inoar, we dochs allegear minsken binne. Salang we mar bereid binne mekoar te leare kennen, nei mekoar te lústerjen en de minske yn de oar te sjen, gean we haat en verdieldheid tsjin.

Mear dan oait is dit nedich yn ús ferdielde Europa en in wereld dy’t yn de brân lykt te stean. It ienniche wat ik as lyts individu dwaan kin tsjin sokke grutte gebeurtenissen en bewegingen is de ferbyning sykje en de minske oan de oare kant fan it nijs te sjen.

Ik sykje de ferbyning mei myn freondinne Asja út Tsjetsjenië, dy’t hjir as flechtling kaam is.

Ik sykje de ferbyning  mei myn freondinne Yulia út Ruslân, wer’t ik it lang net altyd polityk iens mei bin.

Ik sykje de ferbyning mei myn freon Robert, dy’t constant fechtsje moat tsjin foaroardielen oer syn Roemeenske nasjonaliteit, no’t hy nei Dútslân lutsen is as arbeidsmigrant .

Ik sykje de ferbyning, ek al binne we allegear oars. Ik sykje de ferbyning, want we binne allegear minsken. En dat makket ús ien.
Welkomstwoord door Harm Wierda :welkomswoord Harm 4 5 2018
alle 26 foto's tonen >>
 Reageer >>